Nibali yn Ronde Surhústerfean

23 jul 2014 - 06:34

Vincenzo Nibali, de giele truidrager yn de Tour de France, sil yn aksje komme yn de Profronde fan Surhústerfean. Dat makke de organisaasje tiisdeitejûn bekend. Earder wist de profronde Lieuwe Westra al fêst te lizzen. Ek Alessandro Vanotti, ploechgenoat fan Nibali en Westra, is kontraktearre.

De organisaasje is op dit stuit noch yn ûnderhanneling mei tal fan oare hurdfytsers dy't meidogge oan de Tour de France. De Profronde fan Surhústerfean wurdt op 5 augustus ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)