Skûtsjesilen Terherne earder

It skûtsjesilen by Terherne begjint woansdei in healoere earder, dit yn ferbân mei de dei fan nasjonale rou, dy't ôfkundige is. De organisaasje wol dat de skûtsjes foar 16.00 oere finishje binne om oanslute te kinnen by de minút stilte dy't dan hâlden wurde sil.
It is de bedoeling dat nei de finish alle skûtsjes by elkoar lizze en dat elk skûtsje de nasjonale flage healwei de mêst stekke sil. Dêrnei sille om 16.00 oere twa salútskotten klinke.