Kommissaris ropt Friezen op

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma ropt alle Friezen op om woansdei mei te dwaan oan de dei fan nasjonale rou. Om omtinken te jaan oan dizze dei kinne Friezen de flage healstôk hingje en meidwaan oan de minút stilte om fjouwer oere. Jorritsma seit dat hy it in goed beslút fan it regear fynt dat der woansdei in dei fan nasjonale rou is, omdat de gefolgen fan de fleantúchramp ús hiele lân reitsje.