Hearrenfean wint fan GAE

22 jul 2014 - 21:20

Sportklup Hearrenfean hat in oefenwedstriid yn Terwolde mei 2-1 wûn fan Go Ahead Eagles. It wie de earste oefenwedstriid tsjin in earedivyzjeploech.

Yn de earste helte skoarde Hakim Ziyech de earste goal mei in kreas skot. Nei rêst krige Go Ahead Eagles in penalty neidat Otigba Kolder nei de grûn luts. Van der Linden benutte de penalty. De Deventenaren wie lange tiid krekt wat better. Nei in soad wiksels, waard Hearrenfean wat better en skoarde Mark Uth nei in goeie aksje fan Basacikoglu de 2-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)