Omrop past programmearring oan

22 jul 2014 - 21:04

Omrop Fryslân past woansdei yn ferbân mei de dei fan nasjonale rou syn programmearring oan. De hiele dei sil hjir sawol op radio as tillevyzje omtinken foar wêze. Dat jildt foar de toan fan de programma's en de kar fan de muzyk.

Fierder sil Omrop Fryslân meidwaan oan de minút stilte dy't om 16.00 oere hâlden wurde sil, as de earste fleantugen mei slachtoffers oankommen binne op fleanfjild fan Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)