Woansdei dei fan nasjonale rou

Woansdei hingje op alle oerheidsgebouwen de flagen healstôk © ANP
Woansdei wurdt in dei fan nasjonale rou. Dat hat minister-presidint Rutte tiisdeitejûn bekend makke. Woansdeitemiddei om 16.00 oere komt it earste fleantúch mei slachtoffers oan op it fleanfjild fan Eindhoven. Dêr sille ûnder oare Kening Willem-Alexander, Keninginne Máxima, minister-presidint Rutte en fertsjintwurdigers fan lannen dêr't slachtoffers weikomme by wêze.
As de fleantugen oan 'e grûn stean wurdt der in trompetsinjaal jûn en is der in minút stilte. Elkenien kin him dêr by oanslute. Ek kinne de klokken tsjin 16.00 oere let wurde.
Op alle offisjele oerheidsgebouwen sil de flage healstôk hingje.