Brânstofdief oanhâlden
De plysje hat tiisdeitemiddei op de Easterkade yn Ljouwert in automobilist oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat hy tankt hat sûnder te beteljen, fan it stellen en trochferkeapjen fan kentekenplaten en it riden mei falske kentekenplaten. De plysje docht neier ûndersyk nei de man.