Mear autoproblemen mei waarmte

22 jul 2014 - 17:24

Der steane dizze dagen folle mear automobilisten mei problemen lâns de kant fan de dyk as oars. Neffens de ANWB giet it al gau om rom tweintich persint mear. Dat komt yn it foarste plak troch de waarmte. De motoaren wurde te hyt, de akku giet flugger leech en ek bannen binne ekstra kwetsber troch de waarmte. Dy geane wol gauris lek.

In oare oarsaak fan de taname is dat minsken troch de krisis in ûnderhâldsbeurt útstelle of langer yn âldere auto's ride. Dy binne gefoeliger foar problemen.

Trefwurden: 
ANWB waarmte autoproblemen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)