'Oerlêst Kûkherne filmje'

De plysje freget wettersporters om foto's en filmkes te meitsjen fan swimmers dy't foar oerlêst soargje by Kûkherne. De plysje wol dit byldmateriaal ynsette om de oerlêst by De Zwemmer in halt ta te roppen. De Zwemmer en de Kûkhernsterfeart binne populêre farrûtes en mei it waarme waar wurdt der ek in soad swommen troch de jongerein.
In part fan de jongerein hinderet de boatsjes troch der oan te hingjen. Dat is net allinnich gefaarlik, mar de boatsjefarders ergerje har der ek oan. Swimmers dy't betrape wurde, krije in bekeuring.
Wettersporters kinne de filmkes ferstjoere fia de webside fan de plysje.