Slim sedemisdriuw yn Mûnein
In minderjierrich famke is ôfrûne tongersdei yn Mûnein slachtoffer wurden fan in slim sedemisdriuw. In 56-jierrige Ljouwerter is as fertochte oanholden. Wat der krekt bard is, wol de plysje net sizze. De plysje is noch op syk nei tsjûgen dy't tongersdeitemiddei in rôze of pearse brommobyl sjoen hawwe yn de omjouwing fan Mûnein, Damwâld of Feanwâlden.