Trekkersjauffeur botst op auto

By de botsing rûn de auto swiere skea op © Anton Kappers, KappersMedia
Yn Ryptsjerk hat tiisdeitemoarn betiid in botsing west tusken in trekker en in auto. Dit barde op de krusing fan de Westerdijk. In 19-jierrige trekkersjauffeur út Ryptsjerk ferliende gjin foarrang oan in 42-jierrige frou út Ljouwert. De frou is foar kontrôle op it plak fan it ûngelok ûndersocht troch it ambulânsepersoniel, mar rûn gjin ferwûnings op.