Wetterstewards yn Ljouwert
Spesjale wetterstewards helpe dizze simmer minsken dy't mei de boat nei Ljouwert komme. Dizze stewards helpe boatsjefarders it paad te finen op it wetter yn en om de Fryske haadstêd. Benammen op it Van Harinxmakanaal is de begelieding handich, want dêr wurdt op dit stuit drok wurke oan de Heak om Ljouwert en dat is ek op it wetter te fernimmen.