'Bern falt neat te ferwiten'

De direkt belutsen bern fan it ûngelok mei de ynstoarte dug-out yn Twizel yn maaie dit jier falt op gjin inkele wize wat te ferwiten. Dat lit it Iepenbier Ministearje tiisdei yn in reaksje witte nei oanlieding fan it ûndersyk oant no ta. It ûndersyk jout oan dat de bern allinnich mar op de dug-out sitten hawwe en der op dat stuit net ien yn de dug-out siet.
Op basis fan de útkomsten fan de resjerzje en ûndersyksynstitút TNO sil de offisier fan justysje in beslút nimme oft der strafrjochtlik sjoen sprake is fan skuld.
It Iepenbier Ministearje wachtet ûnder oare noch op útkomsten fan TNO. De ferwachting is dat it ûndersyk fan it Iepenbier Ministearje pas nei de simmer klear is.
By it ûngelok mei de ynstoarte dug-out rekke in 7-jierrich famke swier ferwûne en kaam in 10-jierrige famke om it libben.