Ek Ljouwerter omkaam by ramp

22 jul 2014 - 06:42

Njonken in echtpear fan De Gordyk is dúdlik wurden dat ek de 29-jierrige ynwenner Rishi Jhinkoe út Ljouwert en syn 21-jierrige frou Nisha Binda út Den Haach omkaam binne by de fleanramp fan Malaysia Airlines yn de Oekraïne. De gemeente Ljouwert is hjir moandeitejûn oer ynformearre. Jhinkoe en Binda wiene krekt troud. Se soene nei Asië op houliksreis.

Boargemaster Ferd Crone hat syn dielnimming betsjûge oan de famylje. De gemeente hat harren stipe en help oanbean.

Jhinkoe en Binda soene harren nei wenjen sette yn Almelo, mar Jhinkoe hie him dêr noch net by de gemeente ynskreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)