Ekstra treinen nei Starum
Arriva set takom wykein mear en langere treinen yn tusken Ljouwert en Starum. Op sneon is dêr it skûtsjesilen op de Iselmar, wat tradisjoneel soarget foar in soad besikers. Dêrom ride der middeis twa ekstra treinen.
As de wedstriid net trochgiet, jildt de normale tsjinstregeling fan Arriva.