Ald túnhúske fan Poptaslot fûn

Yn in sleat by it Poptaslot yn Marsum is in hiel bysûndere fynst dien. It giet om de fundaminten fan it eardere túnhúske fan it slot. De brokken stien kamen oan it ljocht neidat de sleat droech fallen wie. Mei help fan de de túnman binne in flink oantal fan de brokstikken omheech helle.
Fanwege de stiensoart en de kromming dy't yn de stien sit is slotbewarder Bert Prins der wis fan dat it giet om de resten fan it túnhús dat fan 1901 oant 1949 yn de tún stien hat. It túnhúske wie boud troch de ferneamde Ljouwerter architect W.C. de Groot.