Kening djip rekke troch ramp

21 jul 2014 - 17:19

Kening Willem-Alexander is djip rekke troch de ferhalen fan neibesteanden fan de fleantúchramp yn Oekraïne. Neffens de Kening, dy't moandeitemiddei in taspraak holden hat op tillevyzje, kinne de belutsenen alle stipe brûke. Hy wie dan ek bot te sprekken oer alle minsken dy't harren ynsette foar de neibesteanden.

Kening Willem-Alexander sei fierder dat de ramp in djippe wûne slein hat yn de mienskip. By de ramp kamen ek ferskate Friezen en âld-Friezen om it libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)