Aksjes yn taksybrânzje opskood

21 jul 2014 - 16:28

Fakbûn FNV hat de aksjes yn de Fryske taksybrânzje in wike útsteld, omdat der positive petearen west ha tusken Klomp út Ede en Witteveen/Oenema. Moandei rûn in ultimatum oan soarchgroep Alliade ôf. Hûnderten Fryske taksysjauffeurs sitte yn ûnwissichheid oer harren wurk, no't Alliade it taksyferfier gund hat oan Klomp út Ede. Dy kin it ferfier 5 ton goedkeaper dwaan as Taxi Oenema op It Hearrenfean en Taxi Witteveen fan De Lemmer, dy't it ferfier fan Alliade no noch dogge.

It fakbûn besjocht nije wike oft der noch aksjes komme.

Trefwurden: 
aksje FNV taksybrânzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)