Astana dik tefreden oer Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra mist de echte superfoarm yn de Tour de France, mar de ploechlieding fan Astana is dik tefreden. Westra tinkt sels dat er yn it Criterium du Dauphiné better fytste. Westra stiet no mei syn kopman Vicenzo Nibali foar trije beslisende Pyreneeën-etappes.
As Nibali dêr goed trochhinne komt, kin de Tourwinst him suver net mear ûntgean. Lieuwe Westra kin nei Koos Moerenhout yn 2006 de earstfolgjende Nederlanner wurde dy't as ploechmaat fan de Tourwinner Parys berikt. Moandei wie in rêstdei, tiisdei gean se de Pyreneeën yn.