Petysje tsjin beammekap

Minsken dy't tsjin de beammekap yn de gemeente De Fryske Marren binne, kinne dêrfoar in petysje op www.petities.nl tekenje. De gemeente wol foars besunigje op grienûnderhâld troch de kommende fiif jier tusken de 5000 en 10.000 beammen te kappen. Ellen van der Linden fynt dat fierstente fier gean. Sy fynt dat de gemeente ynwenners, bedriuwen of ferienings de kâns jaan moat om tsjin in fergoeding beammen te ûnderhâlden.
De online-petysje is al hast 3000 kear ûndertekene. De petysje sil begjin septimber oanbean wurde oan de gemeenteried.