Amelân en Flylân wurde ophege

Rykswettersteat sil yn 2015 de kust fan It Amelân en Flylân opheegje. Tusken 2012 en 2016 wurdt 48 miljoen kúb sân opspuite op ferskate plakken by de Nederlânske kust lâns. It wurk is neffens Rykswettersteat nedich om't de eilannen oars lytser wurde. It sân spielt en waait fuort.
Rykswettersteat hellet it sân fan de seeboaiem, kilometers út de kust wei. It skipfeartferkear sil gjin lêst hawwe fan de wurksumheden.