Hurdfarder mei speedboat pakt

Wetterplysje (argyffoto) © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
In 34-jierrige skipper út Koatstertille is sneontejûn mei syn speedboat útnaaid om oan in kontrôle fan de wetterplysje te ûntkommen. De man fear te hurd op de Burgumermar en it Prinses Margrietkanaal. Doe't de plysje him oansprekke woe, naaide hy út en liet syn boat yn de haven fan Jistrum achter.
De plysje naam de boat mei nei it buro yn Burgum. De skipper melde him dêr letter en makke syn ekskuzes oan. Hy krige syn boat werom en in warskôging dat hy by in folgjende oertreding syn boat kwyt is.