Bouwmeester hast oerfallen

21 jul 2014 - 11:50
Marit Bouwmeester wie út de skroeven nei de winst op de Iselmar - Foto: Omrop Fryslân, Roelof de Vries

Sylster Marit Bouwmeester út Warten is snein yn Rio de Janeiro hast oerfallen wylst se oan it trainen wie. Bouwmeester wie oan it draven, doe't der ûnferwachts trije jonges mei messen achter har oan kamen. De bot skrokken Bouwmeester koe hurder drave as de jonges en koe sa ûntkomme.

Bouwmeester is yn Rio om har ta te rieden op de Olympyske Spelen dy't dêr yn 2016 hâlden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)