Eigener wetterscooter oppakt

21 jul 2014 - 11:33

De 25-jierrige man út Smellingerlân dy't sneon noch mei syn wetterscooter ûntkaam oan de plysje, is snein oanhâlden. Sneon fear hy fierstente hurd mei syn wetterscooter op it Grytsmansrak by De Feanhoop. Hy naaide út. By de achterfolging waarden snelheden helle fan 60 km/oere. De plysje fûn it doe te gefaarlik wurden en liet de man ûntkomme.

Deselde man fear snein wer fierstente te hurd mei syn boat by Goaïingahuzen en no waard hy wol pakt. Hy krige in boete en moat him meikoarten by de plysje melde.

Trefwurden: 
De Feanhoop wetterscooter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)