Kollumer motorrider ûnderút

21 jul 2014 - 11:24

In 28-jierrige motorrider út Kollum is sneintemiddei yn Zoutkamp ferwûne rekke by in ûngelok op de Strandweg. De motorrider botste achterop in stilsteande auto, dêr't in famylje út Gruttegast yn siet. De motorrider lansearre himsels en kaam hurd te fallen. Hy is mei ferwûnings oan in skonk nei it sikehûs brocht.

De húshâlding út Gruttegast kaam mei de skrik frij. De auto en de motor rekken flink skansearre en waarden fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok motorrider Zoutkamp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)