Skea grut nei brân yn Harns

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
De skea fan de brân fan sneon is foar it skulpewinbedriuw Waddenzee BV út Harns yn elk gefal in pear hûnderttûzen euro. Yn de loads, dy't foar in grut part yn de jiske lein waard, stiene masines opslein. Der stiene ek in bedriuwsauto en ûnderdielen fan in skip.
Moandei wurdt oerlein mei de fersekering oer de skea. By de neistlizzende kringloopwinkel is de skea ek grut. Eigener Omrin sil besjen oft der in trochstart op in oar plak mooglik is.