Maywood op Feanhoopfestival

21 jul 2014 - 09:48

It duo Maywoord, dat bestiet út suskes Alice May en Caren Wood, oftewol Alie en Doetie de Vries fan Twellingea, wiene dit wykein tegearre op it Feanhoopfestival. Dermei kamen se nei 30 jier werom op it festival. Yn it foar wiene der berjochten dat se net tegearre optrede soene. De gearwurking tusken beide suskes is net altyd goed.

Maywood gie nei ferskate suksessen yn 1995 út elkoar en krige spul oer wa't de namme Maywood brûke mei. Ferline jier kamen se nei 18 jier mei help fan Gerard Joling wer by elkoar.

Trefwurden: 
Feanhoopfestival Maywood
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)