Steigers De Lemmer stellen
By in ynbraak yn twa hierboksen oan de Houtsaachmole op De Lemmer binne sneontenacht twa steigers fan 8 en 12 meter en in soad elektrysk ark fan in boubedriuw stellen. Om binnen te kommen, waard in doar iepenbrutsen. Letter waard bekend dat in part fan de steigers op in sneldyk by Amsterdam fûn is.