Bidde foar echtpear De Gordyk

20 jul 2014 - 14:34

Op De Gordyk is snein yn de tsjerketsjinst yn de Ontmoetingskerk stilstien by it echtpear út it doarp dat tongersdei om it libben kaam is by de fleanramp yn Oekraïne. Op fersyk fan de gemeente waard der bidden foar de slachtoffers. Ek stie de foargonger - dûmny Gerard Rinsma fan Goutum - yn syn preek stil by it omkommen echtpear.

Hy sei mei klam dat it wichtich is dat útsocht wurdt wa't skuldich binne oan it delheljen fan it fleantúch en dat der in passende straf folgje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)