Taeke Triemstra dochs op de PC

Topkeatser Taeke Triemstra wie snein taskôger by de Rengersdei, de keatsklassiker yn Ljouwert. Mar dat moat takom wykein oars. Dan wol Triemstra, mei it each op de PC fan Frjentsjer fan woansdei 30 july, wer meidwaan oan it grutte spul. Takom sneon wurdt der keatst yn Seisbierrum/Pietersbierrum en de sneins yn Arum. Taeke Triemstra hat in slimme skouderblessure, mar hy tinkt dat er no wer safier is dat er yn wedstriidferbân útkomme kin. Jacob Wassenaar bliuwt op de eftergrûn syn ferfanger. Wol it net mei Triemstra, dan docht Wassenaar mei.