Ferkearsbuorden Gordyk omreage

20 jul 2014 - 11:18

Op de rotonde fan de Hagedyk mei de Hans de Jongwei op De Gordyk binne yn de nacht fan sneon op snein ferskate ferkearsbuorden fernield troch in groep jonges. Sy bûgden de buorden om en trapen se stikken. In tsjûge seach dat de jonges letter yn in taksybuske stapten en warskôge de plysje.

Dy spoarde de taksy op by Tsjalbert. Doe siet allinnich noch in jonge fan 19 jier fan it Hearrenfean yn de taksy. Dy is oanhâlden en sil snein heard wurde. De plysje besiket noch út te finen wa't de oare jonges wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)