Brêge oer Meinesleat wer klear

20 jul 2014 - 10:46

De brêge oer de Meinesleat yn Akkrum kin wer iepen en ticht. Sneon wie de brêge troch de waarmte sa bot útsetten, dat dy net mear mear iepen woe. Dat betsjutte dat boaten net mear fan Akkrum nei Terherne farre koene, wylst it mei it skûtsjesilen by Grou krekt hiel drok wie. Dat soarge betiden foar lulke reaksjes, omdat boaten heger as 1.10 meter der net lâns koene.

Sneintemoarn hawwe meiwurkers fan de gemeente in stik fan de brêge ôfslipe en dêrmei is it probleem earst oplost.

Trefwurden: 
brêge Akkrum Meinesleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)