Tsjûgen socht fan brân Harns

20 jul 2014 - 09:24

De plysje siket tsjûgen fan de brân yn Harns sneon, by de kringloopwinkel en it skulpewinbedriuw. Beide bedriuwen, op de hoeke fan de Industrieweg en de Hermeskade rûnen sneon grutte skea op. De brân waard moarns om in oere as 5 ûntdutsen. In tsjûge hat moarns betiid in groep jonges sjoen, yn de Horscamp. Dat is in strjitte yn de wenwyk dêr yn de buert. De plysje wol no graach yn kontakt komme mei dizze jonges. Ek siket de plysje minsken dy't oars wat sjoen hawwe. Sy kinne belje mei de plysje op 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Harns brân Hermeskade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)