Cambuur wint fan De Graafschap

Cambuur wûn sneontemiddei de earste oefenwedstriid dy't der echt ta die mei 5-2 fan earstedivisionist De Graafschap. Yn in tropysk stadion De Vijverberg rûnen de Ljouwerters foar it skoft út nei in 3-1 foarsprong, troch goals fan Hemmen (twa kear) en Reijnen. Nei it skoft kaam De Graafschap op 3-2, troch de twadde goal fan Dean Koolhof. Schokker en Ogbeche setten de einstân fan 5-2 op it boerd. De technyske stêf fan Cambuur wie bot te sprekken oer it spul fan de Slowaakske proefspiler Albert Rusnak. Sy wolle him graach by de seleksje hâlde.