Kootstra kening yn Makkum

19 jul 2014 - 17:55

De frije formaasjepartij fan Makkum is wûn troch it partuer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en kening Hendrik Kootstra. Der siet lang gjin spanning yn de finalepartij, de lettere winners kamen mei 5-2 achter te stean, mar wûnen lang om let mei 5-5 en 6-4 fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar. By de froulju wûnen Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en keninginne Fenna Zeinstra mei grutte oermacht mei 5-1 en 6-2.

Oer de hiele dei krigen se mar twa earsten tsjin. De preemje wie foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. De lytse preemje wie foar Nicole Hempenius, Imke van der Leest en Harmke Siegersma. Snein stiet der foar de manlju de Rengersdei op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)