Meinesleat-brêge Akkrum derút

© Google Maps
De brêge oer de Meinesleat yn Akkrum kin sneon net mear betsjinne wurde. De brêge is troch de waarmte sa bot útsetten, dat er net mear iepen wol. Dat betsjut dat boaten net mear fan Akkrum nei Terherne farre kinne. Krekt mei it skûtsjesilen yn Grou is dat problematysk. Sneontemoarn hawwe tsientallen boaten dizze rûte noch brûkt. Dy kinne no net mear werom nei Terherne en de Snitsermar. Omfarre oer it PM Kanaal is foar boaten mei in mêst ek gjin opsje, omdat de brêge by Aldskou ek net betsjinne wurdt.
Dy is earder skansearre rekke, doe't der in frachtskip tsjinoan fear. De brêgewachter fan de Meinesleatbrêge hopet dat de brêge snein wer iepen kin. Dêrfoar moat der in stik fan de brêge ôfslipe wurde.