Drachten hat syn eigen strân

Yn it sintrum fan Drachten is in grut strân makke. It inisjatyf komt fan ûndernimmers oan it Mûnein. Ferskate winkels rûnen klanten mis troch de wurksumheden oan de Drachtsterfeart. By it kariljon is dêrom in strân oanlein mei in swimbad en in poadium.
De kommende wiken wurde in soad aktiviteiten yn it sintrum organissearre, mei as doel om safolle mooglik Friezen en toeristen nei Drachten ta te lûken. Ofrûne freed waard it strân iepene troch wethâlder Marja Krans.