Bedriging nei ferkearsrûzje

19 jul 2014 - 14:21

De plysje hat freedtejûn in 43-jierrige man út Ljouwert oanhâlden fanwege bedriging. De man waard troch de plysje by tafal sjoen doe't er op de Hooidollen yn syn wenplak achter in oare man oansiet. Dy rôp nei de plysje dat er bedrige waard.

De oarsaak fan de bedriging soe in ferkearsrûzje wêze. De fertochte soe fan de bedrige man gjin foarrang krigen hawwe. De plysje hat de bedriger meinaam nei it buro. Hy hie ek in mes by him, dat is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Ljouwert bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)