Bêste hearring yn Makkum

De jierlikse AD-test pakt wikseljend út foar Fryslân © ANP
De hearring fan de fiskkiosk oan de Warkumerdyk yn Makkum is neffens it AD de bêste fan Fryslân. Se stean op it 11e plak. De minste hearring wurdt neffens it AD ferkocht by Marten's Visservice yn Frjentsjer, sy skoare 'tige min'.
De fiskhannel yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert en it Molenplein op It Hearrenfean binne ek troch it AD beoardield, sy koarden in fodwaande en stean dêrmei healweis de list.