Fjouwerdaachse: hyt en sober

De lêste dei fan de Fjouwerdaachse fan Nijmegen wie tige hyt, mar ek sober kwa feestlikheden. Yn ferbân mei de fleanramp boppe Oekraïne wie der minder live-muzyk. Op grutte byldskermen by de start en de einstreek stie in tekst ta de neitins fan de slachtoffers fan it ûngelok.
De Fryske dielnimsters dy't de Omrop dizze wike folge, sjogge foldien werom op de bysûndere wike. It wie swier, mar de kâns dat se takom jier wer meidogge is grut.