Brânwacht Harns noch net klear

De brânwacht ferwachtet noch oeren dwaande te wêzen mei it neiblussen fan de grutte brân yn Harns. De brân ûntstie sneon yn in kontener en sloech dêrnei oer nei twa loadsen. Dy rekken dêrtroch swier skansearre. Yn ien fan de loadsen siet in kringloopwinkel fan Omrin, yn de oare stiene masines fan in skulpewinbedriuw. Om tsien oere waard it sein 'brand meester' jûn. Yn totaal hawwe sa'n 65 brânwachtminsken aktyf west by de brân. De plysje ûndersiket de oarsaak fan de brân. Oer de hichte fan de skea is noch neat bekend.
De eigener fan de kringloopwinkel is fan doel om in nije lokaasje te finen, hy wie goed fersekere.