Biltske bougrûn tige droech

Ierappelboeren op It Bilt hawwe in soad lêst fan de droechte. De ôfrûne wiken is der hast gjin rein fallen en dêrtroch binne der folle minder ierappels. De ferwachting is dat de opbringst sa'n 20% leger útfalle sil. It grutste probleem is allinnich dat boeren út oare parten fan it lân minder lêst hân hawwe fan de droechte en dêr binne dus ek mear ierappels. Boeren út It Bilt kinne dêrom ek net rekkenje op in hegere priis foar de ierappels.
De droechte hat ien foardiel, de skimmelsykte fytoftera is folslein ûnder kontrôle.