Jouster oppakt foar fernieling

Plysje-embleem © ANP
In 36-jierrige Jouster is fannacht yn de binnenstêd fan Ljouwert oppakt foar fernielerij en it riden ûnder ynfloed fan drugs. De plysje krige in melding fan de fernieling fan in foardoar oan de Wybrand de Geeststrjitte. De plysje hold him yn it sintrum oan, mar doe't de man út de auto kaam waard er agressyf tsjin de plysjes. Mei help fan pepperspray koe de man ynrekkene wurde. Yn de auto fûn de plysje in stielen piip, twa swurden en fleskes mei ûndúdlike ynhâld, mooglik drugs. Hy wegere in bloedproef en dêrom waard syn rydbewiis ynnommen.
De Jouster is fêstsetten op it buro foar neier ûndersyk. De bewenster fan it hús oan de Wybrand de Geeststrjitte hat oanjefte dien.