Harns: grutste gefaar foarby

19 jul 2014 - 08:35

De grutte brân yn Harns liket ûnder kontrôle, dat seit in wurdfierder fan de brânwacht. Der is gjin gefaar mear dat it fjoer oerslacht nei twa neistlizzende fetkontainers. Wol brânt de kringloopwinkel noch hieltyd, it sein 'brandmeester' is dêrom noch net jûn. De brân ûntstie sneontemoarn om in oere as fiif yn in kontainer. It fjoer sloech oer in neistlizzende loads en nei de kringloopwinkel fan Omrin. Beide lykje ferlern te gean. De brânwacht ferfangt yntusken in diel fan syn personiel. Dat hat it fanwege it waarme waar ekstra dreech.

Trefwurden: 
Harns brân ûnder kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)