Twadde deade botsing Wommels

18 jul 2014 - 21:04

It slimme ûngelok juster op de Westergoawei by Wommels hat in twadde deadlik slachtoffer easke. In 93-jierrige frou út Boalsert is freed yn it sikehûs yn Grins oan har ferwûnings ferstoarn. By de botsing kaam ek har suster fan 81 jier om it libben. De auto dêr't de froulju ynsieten, waard bestjoerd troch in 82-jierrige man út Littens. Hy rekke ferwûne.

Syn auto botste op de krusing fan de N359 mei de dyk nei Waaksens/Lollum op in bestelbus. Dêryn sieten twa froulju fan 28 út Dronryp en Menaam. Ek sy binne ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)