Mobyl betelje foar parkearplak

18 jul 2014 - 19:46
Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Automobilisten yn Snits en Boalsert kinne fan takom moandei ôf mobyl betelje foar it parkearjen. Minsken dy't fan dizze tsjinst gebrûk meitsje wolle, moatte in saneamde Yellowbrick parkearpas hawwe.

Yn Fryslân kin dizze pas aanst op seis plakken brûkt wurde: Drachten, Harns, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Boalsert. Lanlik sjoen wurdt Yellowbrick op mear as hûndert plakken brûkt.

(advertinsje)
(advertinsje)