Skippers Reijenga konkurrinten

It SKS skûtsjesilen set sneon útein yn Grou. De skippers sammelje harren freedtejûn yn Grou, dêr't de iepening en lotting is. Der binne dit jier op 'e nij in soad famyljebannen tusken de ferskate skûtsjeskippers. Op tsien skûtsjes sitte bruorren fan inoar. Twa fan dizze bruorren binne Dirk Jan Reijenga fan it Jouster skûtsje Oeral Thús, en Alco Reijenga, skipper fan skûtsje Gerben van Manen fan It Hearrenfean.
Beide bruorren sieten ferline jier noch byinoar op it skûtsje fan De Jouwer. Dit jier is Alco foar it earst sels skipper.