Kinderwoud nimt lokaasjes oer

Berneopfangorganisaasje Kinderwoud nimt fjouwer Fryske festigings fan it fallyt ferklearre Estro/Catalpa oer. Yn Drachten giet it om in gastâlderburo, bernedeiferbliuw Bunderbos en Mijnheer Nilsson. Yn Snits wurdt Kinderwoud eigener fan berne-opfanglokaasje Bernepoort.
Kinderwoud fangt sa'n 5000 bern op en hat troch de oername fan Catalpa-festigings no yn totaal 45 opfanglokaasjes. It bedriuw hat goed 300 meiwurkers yn tsjinst. Kinderwoud hat dit jier al twa kear earder berneopfang-lokaasjes fan oare oanbieders oernaam.
Wat der mei de trije lokaasjes yn Ljouwert bart, is noch net bekend.