Drankrider sûnder rydbewiis

18 jul 2014 - 11:25

In 27-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed oanholden om't er sûnder rydbewiis en mei drank op yn 'e auto ried. De Ljouwerter krige by it Zwitserwaltje in stopteken foar in kontrôle. Hy waard foar in alkoholtest meinaam nei it buro, dêr't bliken die dat er tefolle dronken hie. De plysje koe syn rydbewiis lykwols net ynnimme, om't de man dat bewiis hielendal net hie. De man krige foar beide oertredings in boete.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)