Jild foar doarpsplein Ingelum

© Google Streetview
It opknappen fan it doarpsplein fan Ingelum is wer in stapke tichteby kaam. De provinsje hat jild tasein as ek de gemeente ta de bûse giet. Doarpsbelang Ingelum wol it plein graach fernije om't it der op it stuit fertutearze byleit.
It plein docht op it stuit benammen tsjinst as parkearplak foar it doarpshûs. Neffens doarpsbelang moat it in moetingsplak foar it doarp wurde. Oft it plan ek echt los kin, hinget ôf fan de gemeenteried. Dy moat yn augustus in beslút nimme oft sy ek jild stekke wolle yn it Ingelumer plein.